oer skoalle, lykas ferline jier, wiene der no net mear by.
Anke hie thús al oeren foar de spegel stien om te sjen yn hokker klean se der it aardichst útseach. It wie op 'e spikerbroek útdraaid en it grien ferve blûske. Net dat dat no sa moai wie, mar it stie wol wat sleau en dat paste wol by har. Boppedat, en dat wie noch wol fan it grutste belang, fielde se har hjir bêst yn. As men net moai wie en men die ek gjin moaie klean oan, dan koene oaren dochs noch tinke dat men ûnder dy klean noch hiel wat wie. As moaie klean ek net stiene, moast it wol oan jinsels lizze, dan wie der gjin hope mear.
Loes brocht it petear op Gonda, mar se gie der net op yn. Margreet en sy hiene sa har eigen kijk op Gonda. En ek op Loes. Dus Loes moast dêr har noas net ynstekke. Se antwurde koart dat se net wist oft Gonda ek mei gean soe en Loes sette dêrop in ferwûndere, misledige gesicht. Se draaide in sjekje yn 'e stilte dêrnei. Margreet seach amusearre fan de iene nei de oare.
‘Se binne let,’ sei se doe.
‘Ja,’ seine Loes en Anke tagelyk.
De kofje wie no ek op en Anke hie der gjin ferlet fan om ûnder Loes har eagen in sjekje yninoar te draaien. Nuver dat it no sa stil wie. Loes en Margreet wiene dochs al jierren freondinnen, dy koene dus wol wat ûnderwerpen ta harren foldwaan hawwe om de tiid fol te praten. It wie dochs beswierlik om sels mei allerhande fragen te kommen.
Neidat se de mouwen fan 'e blûse op en del rôle hie, begûn se mei it aaien fan 'e kat. Mar dy rûn by har wei. Margreet gniisde wat.