‘Okee, sa'st wolst’
Mar earst draai ik in sjekje. Wat in gelok dat dy tiid foarby is.
‘De bar wie yn Sachtenberg en we giene der hinne mei de auto fan Kees. Ik haw der letter noait wer west. It wie der tsjuster, mar ljochter as ik ferwachte hie. Op in stuit stie ik neist Kees en dy sei wat oer Loes, dat net sa aardich wie en sa kamen we wat yn in rabberich sfearke. Doe't er samar sei dat ik te ticht by him stie, wist ik net wêr't er it oer hie.
‘Wat wiesto nayf sis,’ seit Arjen laitsjend en knypt my yn 'e billen.
‘Ja! Dat wie ik ek! Yn feite bin ik dat noch.’
Hy laket mar wat. Hoe soe er leauwe dat ik skruten bin, alle kearen dat ik wer oer dy drompel moat en bear dat ik nearne lêst fan haw. Mei him haw ik ek net bang west, mei him wie it foar my in logyske saak dat wy frijden op 'e selde jûn dat wy inoar foar it earst seagen.
‘En doe?’
‘Doe frijden we in potsje.’
‘Hee, graach wat subtiler, sis.’
‘Leave, wêrom wolst dat no witte?’
‘Koest it?’
‘Nee, ik koe der neat fan. En ik woe ek net yn dy bar frije, want ik wie bang dat elkenien sjen soe dat ik it foar it earst die. Dus ik sei dat ik nei bûten woe. Mar it wie o sa kâld. It wie leau 'k yn maart. Dat lang duorre it net’
‘Hoe fûnst it?’
‘Ik hie tocht dat der in hiel waarm gefoel troch my hinne streame soe, mar dat wie net sa. En it wie ek net sa romantysk as ik tocht hie. Eins fûn ik it mar wat banaal. Mar ik wie al moannen fereale op dy Kees, dus ik fûn it wakker moai.’
‘En Kees, wie dy ek fereale op dy?’
‘Ja, doe wol.’