8
As men frijt dan smookt men net. Mar ik kin dochs net fan Arjen ferwachtsje dat er de hiele jûn mei my op bêd leit, omdat dat my ferhinderje soe om in sjekje te draaien. Ik sil myn sjek dochs mar meinimme, mysels net foar de gek hâlde. Oars keapje ik dochs mar in nij pakje by de garaazje yn syn buert, ik ken mysels. En dan soe ik mei twa pakjes sitte. Gewoan meinimme dus mar en it pakje floei dit kear no ris net ferjitte.
Op 'e dyk nei Ljouwert bin ik mysels alwer tankber en draai noflik in sjekje. Hearlik, it is freedtejûn en ik sil mei Arjen ite. Wat wol in mins noch mear, foaral as se wit dat dêrnei de jûn yn sfearen fan konstante genegenens foar inoar ferrinne sil. Nei dy pear moannen bin ik noch altyd benijd nei elk wurd dat him út 'e mûle komt, bytiden merk ik dat ik yn spanning nei him sit te harkjen. En ik fyn him noch altyd sa moai dat ik noch noait begryp dat elkenien net omfalt as er earne ferskynt. Der binne ek lju, haw ik ta myn ferwûndering murken, dy't him mar wat gewoan fine. Margreet bygelyks, dêr't ik him nei in moanne hinne sleepte, wie der net ûndersteboppe fan.