7
De freedtemiddeis dêrop drukte Anke op ien fan 'e bellen fan it grutte hûs, dêr't Margreet twa keamers hie. Yn it hûs mochten allinne mar froulju wenje, hie Margreet ferline wike sein. Sa hie de wil fan 'e húsbaas west, in grienteboer, dy't de keamers boppe de saak ferhierde. Se hearde fuotstappen op 'e trep, it slot waard mei in tou iependien.
‘Hallo Anke, kom deryn,’ hearde se Margreet boppeoan 'e trep roppen. Wat hearlik wie dy stim fan Margreet, sa hertlik. Se hie der wol tsjinoan skytskoarre om hjirhinne. As men ien kear by immen west hie, wie dat moai, mar in twadde kear soe wol wat nuver oankomme. As hie se gjin freondinnen. Hjir stammere se wat oer doe't se de tsjustere trep op rûn. Boppe seach se yn 'e laitsjende eagen fan Margreet.
‘Erik is der,’ sei se. ‘Hindert neat, no?’
‘Nee,’ sei se, al hie it om har net hoegd.
Erik siet op 'e kessens ûnder it rút, dêr't Anke de oare kear sitten hie en se gie op in stoel sitten. No wie se de heechste fan 'e trije, want Margreet siet ek oer de grûn. Erik wie in aardige jonge; se koe him sûnt de earste dagen fan 'e oplieding doe't se yn 'e yntroduksjedagen noch op allegear frjemden oanwiisd wie. Erik hie tafallich by har yn it ploechje sitten. Ferline jier hie er mei Margreet yn 'e selde klasse sitten; se hiene mei inoar op deselde praktykskoalle sitten. Soks joech in bân, dat wist Anke wol fan harsels mei Joop. No sieten beide harren te bekleien oer de ferdwûne klasse. Anke glimke mar wat mei en harke, en besocht in sjekje te draaien út it pûdsje fan Margreet; se fernuvere har deroer hoe't de measte lju sa'n tin floeipapierke sa ach-