Imitaasjelear
(1988)–Jetske Bilker– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 24]
| |
As se noch thús waarm ite woe, moast se no nei it stasjon ta. Se iet jûns altyd thús. ‘Ik sil earst nei it húske,’ sei se, ‘en as ik werom kom, wol ik dy wat freegje.’ ‘O heden,’ sei Margreet, ‘wat heart dat wichtich,’ en se lake. Op it húske hearde se de kafeelûden, no smoard troch twa doarren en se stoareage nei harsels yn 'e spegel. Se wie Anke noch, ja. Yn in flits kaam har in âlde bernefoto foar de eagen. ‘Margreet,’ tocht se dizenich fan de trije pilskes, wat doch ik by dat mins? Margreet sleat by neat oan wat se oant no ta yn it libben opgarre hie, net by de minsken en net by har mieningen. Mar it joech dochs wol ferromming om ris mei immen oer har heit en mem te praten. Gonda en Hilly fûnen dat se wol ris wat seurde, murk se wol. Boppedat kamen dy beide út de swiere omkriten noardlik fan Achterlo en wisten net wêr't Anke oer klage. Wat soene Gonda en Hilly tinke as se wisten dat se hjir mei Margreet oan it bier siet? ‘Wat soest der fan sizze as ik by dy iet, fannejûn?’ sei se doe't se wer oan 't taffeltsje siet. ‘Ik bin wol benijd nei dyn keamer.’ Margreet hie sein dat har keamer lyk foar ‘De Herberg’ oer wie. ‘Best,’ sei Margreet, ‘moatst dyn âlden dan net skilje?’ Anke knikte en frege Jacques oft se de tillefoan brûke mocht, dy't oan 'e ein fan de bar stie. Mei de finger yn it lofterear sette se de hoarn licht tsjin it rjochter. ‘Mefrou Stevens.’ Wat hearde it gek om mem har stim te hearen wylst se hjir siet. Mem wist net dat se hjir faak kaam. | |
[pagina 25]
| |
‘Ja mem, it is mei my. Ik kom jûn net thús te iten, hear. Ik bliuw by in fanke fan myn klasse.’ As wie it hiel gewoan. ‘Bist by Gonda?’ ‘Nee, by Margreet.’ ‘O.’ Se hearde de ferwûndering yn har stim dúdlik. Se hie Margreet thús ek altyd raar ôfskildere. No moast se dêr wer ferantwurding oer ôflizze, fansels. Se soe thús mar ris wat minder fertelle. ‘Komst jûn wol op 'e tiid thús, hen?’ ‘'k Sil wol sjen.’ ‘Nee, Anke!’ sei mem twingend, mar machteleas. ‘Goeie mem.’ Se hong op en seach fuortendaliks Jacques yn it gesicht. ‘Mar twa pilskes,’ sei se en naam dy doe mei nei it taffeltsje. ‘En?’ frege Margreet. ‘Us mem naam op, se tocht dat ik by Gonda wie.’
Thús moast se fertelle wêrom't se net nei hûs kommen wie om te iten. It hie hielendal gjin sin, neffens har âlden, en yt by in oar. Ite, dat die men thús. ‘Mar we sieten te praten,’ sei Anke, ‘en it wie hiel aardich.’ ‘Wat fûnen har âlden derfan, datsto dêr samar oan kaamst?’ ‘Dy wiene der net. Margreet wennet op harsels.’ Har âlden seagen inoar even oan, Anke murk it. ‘No hoopje ik net datst der altyd hinne gean silst.’ Dat wie har mem. ‘Wat docht har heit?’ Dat wie har heit. ‘Dûmny!’ rôp Anke gloarearjend. It wie ek noch sa. Allinne hearde Margreet wol ta dat slach dûmnysbern dat krekt de oare kant út gie as dy, dêr't de heiten oer preken. | |
[pagina 26]
| |
Boppe, op har sliepkeamer, romme se earst alle stinsels en oantekens fan 'e flier, dy't mei biology te krijen hiene. Yn in âlde aginda skreau se op: ‘Mei Margreet praat.’ De radio hie se oan en se song mei: ‘Fire... our kiss is like fire.’ |
|