Imitaasjelear
(1988)–Jetske Bilker– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 22]
| |
‘Om dat iene nûmer haw ik de hiele elpee kocht,’ lis ik Arjen út, dy't myn langspylplaten as poosters yn in winkel troch de fingers gliidzje lit. By ‘Energy’ fan The Pointer Sisters hie er wachte en beseach doe de achterkant Ik wit noch dat ik de plaat kocht, by V&D yn 'e útferkeap. Ik moat der mei nei hûs reesd wêze en ik moat him fuortendaliks opset hawwe. Op de pick-up fan Ingrid, myn earste pick-up. Doe't Margreet my dêrmei hielendal allinnich nei 't stasjon rinne liet - mei de twa boksen ûnhandich yn in plestik tas derby - moat ik foar 't earst oan har twivele hawwe. Ik lis de plaat op 'e draaitafel, lit de nulle boppe it twadde nûmer sweve en lit him sakje mei it hendeltsje. Al by de earste toanen fan de elektryske gitaar sjoch ik alles brún en smotsich wurden en it reint bûten, dat fernim ik. Foar my oer sit Margreet oan ien fan 'e gammele taffeltsjes fan ‘De Herberg’, it kafee dêr't wy mannich oere sitten hawwe. ‘Under dit ferske haw ik Margreet kennen leard.’ Mar Arjen sjocht net ienris ferheard op, al hie dat dochs wol yn 'e reden lein: Ferskes spylje faak net swak by yn it begjin fan romantyske freonskippen, mar hoe sit dat mei freonskip tusken froulju? Dy begjinne fakentiids op 'e skoallebanken of op it wurk en dan is der gjin sprake fan in leafde op it earste gesicht, begelaat troch in stik muzyk. Freondinnen begjinne net bewust mei harren bân, dy skynt der op in beskaat stuit te wêzen. Mar myn wearsin tsjin Margreet moat sa grut west ha, dat der àl in mylpeal komme moast, mei muzyk en al. ‘We hiene tintamens hân en sieten yn 'e kroech. Op it lêst wiene allinne Margreet en ik noch oerbleaun. En dit waard hieltiten mar draaid.’ Ik wachtsje de acht tellen rêst ôf, gean dan oerein en dûnsje foar him: | |
[pagina 23]
| |
Romeo and Juliette
Samson and Delilah
Baby you can bet
A love that couldn't deny
Ik draai oerdreaun mei de heupen, sadat Arjen glimket. Hoe is it dochs mooglik dat de assosjaasje mei dizze muzyk sa sterk foar my bleaun is? Want hieltiten wer as ik dit yn de ôfrûne seis jier hearde, op hokker plak dan ek mar, seach ik Margreet foar my oer yn ‘De Herberg’, oerfoel my de sfear fan dy freedtemiddei yn 'e rein. ‘Wêr hiene jimme it oer?’ freget Arjen. ‘Oer ús âlden.’ Us freonskip is stuolke op ús ûnfrede oer ús gekke âlden. It ferwûndere ús doe dat wy deselde swierrichheden hiene. Margreet wenne op keamers en ik tocht dat sy har oer dat soart fan saken net mear drok hoegde te meitsjen. En sy hie net tocht dat ik my sa lilk meitsje koe om de dingen dy't by ús thús barden. ‘Your kiss is like fire,’ sjongt Arjen as de plaat ôfrûn is, mar ik gean der dit kear net op yn. |
|