dat se wol ris sjen soe oft der ek noch kunde sitte soe. Se fûn it sels mar gek hearen.
‘No, lear se!’ sei Gonda en lûkte oan de skouders.
De trije stappen nei it ploechje fierderop hoegden allinnich mar nommen te wurden. Dêr wie objektyf besjoen neat frjemds oan en as elkenien dat mar foar eagen hâlde, koe se mei gemak neist Joop stean gean. Mar doe't se der stie, sei Joop krekt dat er net mei gean soe nei ‘De Herberg’ en Joke, dy't der ek al stie, bearde dat se net ienris ien bakje kofje drinke soe as se betocht wat se noch leare moast. Anke stiek de earen op foar it kommintaar fan Kees, mar dat kaam net. Stel dat hy no de iennichste wie dy't ek mei gean soe nei it kafee, wat soene se dêr dan tsjin elkoar sizze moatte?
Martin stie by de treddejiers te praten. No kaam er harren kant op en sei, as wie it allinnich tsjin Kees en Margreet: ‘Jonges, ik gean dy kant út, geane jimme noch mei?
‘Ja,’ sei Anke. Loes seach har nijsgjirrich oan sadat se wer it gefoel hie dat it net paste dat se sûnder Hilly en Gonda wat ûndernaam. ‘Ik gean ek mei,’ sei se noch ris mei in knikje nei Loes.
Net dat der yn ‘De Herberg’ folle oan wie. Martin siet te praten mei Margreet, beide sieten se mei in earnstich gesicht foar inoar oer, twa pilskes tusken harren yn. Achter yn de wat tsjustere saak stiene de jonges, sa no en dan laitsjend, by de flipperkast. Loes stie derby en lake wat as der wat te laitsjen foel. Anke hie no al twa kear nei it húske west, dat se koe net bêst nochris. Der wiene hjoed ek gjin minsken út oare klassen fan 'e skoalle, blykber siet elkenien thús te learen.