‘Margreet Lentink.’
‘Ja!’
De learaar seach fan 'e list op, hy dikere oer de heale bril hinne de klasse yn.
‘Dy wol ik dizze oere net tefolle heare, Margreet.’
Alle gesichten kearden har nei Margreet. Anke seach tagelyk skean fansiden nei Kees, dy't in glimke om 'e mûle hie. Se fûn him sa aardich en hy hie fan dy leave kroltsjes yn 'e nekke. De klasse wie no op slach stil.
‘Dat ferwachtsje ik dan ek fan jo, menear!’
It glimke briek troch, Anke murk dat Joop nei Kees seach. Se fielde in wolk fan swartens oankommen oer de klasse en it kaam har foar as wist sy dêr allinnich mar fan ôf.
‘Derút!!’ koe De Boer inkeld noch mar sizze. Se gie, mei in iroanysk glimke ûnder de útdaagjende eagen. De doar gie gewoan achter har ticht. De klasse seach nei de doar. Dit wie noch nea earder bard en dit hoegde ek net. Yn de oranje stúdzjegids waarden se studinten neamd, se waarden folwoeksen genôch achte om foar de klasse te stean. It hie sa goed west, sa rêstich, ferline jier.
Yn 't skoft stapte Anke no ek nei bûten ta. Hilly en Gonda bleauwen yn de kantine. De oaren stiene dêr by elkoar te smoken. Kees frege Margreet om in floeike. Joke rôp dat dit noch nea yn harren klasse bard wie.
‘Nee,’ sei Anke, ‘noch noait.’
De eagen fan Margreet moeten harres flak foardat se har bûgde foar it fjoerke dat se ek fan Kees krige.
‘Dan waard dat wol ris tiid,’ sei se dêrnei.
Fiif menuten letter waarden de sigretten alwer tsjin de muorre útdrukt. Margreet wachte langer as de oa-