2
‘Sjoch,’ wiis ik, ‘dit is myn âlde klasse fan 'e P.A. Kinst my der út helje?’ Arjen wiist in blau figuerke fan fjouwer sintimeter lang oan. In grouwe tas hinget dat famke op 'e side. Dêr hie 'k in simmerjaske yn prakkesearre. Ik stean oan de kant, wat fansiden. De rest fan de klasse stiet breedút te laitsjen.
‘En dat is Margreet. Doe hie se noch lang hier.’
‘O ja.’
‘En dat binne Gonda en Hilly.’
Se steane derop sa't se wiene. Gonda as de matroane fan it selskip, Hilly glimkjend, har plak wittend.
‘Doe mocht ik Margreet hielendal net lije.’
‘Wêrom net?’
‘Jaloersk, leau ik. Ik wie jaloersk omdat se mei Kees prate - sjoch, dat is dy - en dat Kees har ek noch neat skele koe. Se seach op him del. Se seach trouwens op ús allegearre del. Us klasse wie earst hiel oars, it jier derfoar. Doe't Margreet en Loes yn de klasse kamen, ûntstie der konkurrinsje yn wa't it populêrst wie. Dêrom mocht ik har net lije, want sy hie dêr mandélich oan west. Sy hie ús feroare. In part fan ús telde ynienen net mear mei.’
‘Kom hjir ris.’
‘Nee, ik bin dy dochs wat oan it fertellen.’
‘Ja, mar ik wol dy hjir hawwe.’
‘Ik set wol kofje, as it dy ferfeelt.’
‘Anke, ik wol wol nei dy harkje, mar ik haw dy sa graach tsjin my oan.’
Ik sko neist him op de bank en krij in earm om my hinne. Maksy jout him by my op de skurte del. Sa moat ûngefear lok fiele, twa waarme lichems tsjin my oan, yn 'e uterste rêst... Ik sjoch ta it rút út. De wolkens jeie foarby en ferlieze allegeduerigen harren foarm yn it fierder gean. Wat hawwe wy dy dei yn Nij-