ferline jier fiif earste klassen west hiene en dat der no fjouwer klassen fan makke wiene. Se seach nei de rest fan harren klasse. Dy lju sieten dêr sa noflik wille te meitsjen en it like der net op dat ien of oare oermacht harren útinoar skuorre koe.
Mar Gonda wist hokker klasse it belije soe. Harres net. 1B fan ferline jier, de leararen hiene dat in drege klasse fûn. Anke fielde har tefredenheid fan de moarns werom kommen, krige al begrutsjen mei 1B. Harren klasse hie ommers ek de maklikste west, hie Donkersloot dat sels net sein?
‘Mar we krije der wol twa by,’ die Hilly noch te witten en Anke sei dat se dan mar hope dat dy twa de sfear yn de klasse goed hâlde soene en de oare twa knikten wakker.
‘Geane jimme mei de stêd yn? Eefkes kofje helje by “De Herberg”?’ frege Gonda.
‘Noch eventsjes by de oaren sjen,’ sei Anke en rûn op Joop ta, dy't by in pear fan de klasse siet.
‘Ha Anke, hoe is it mei dy?’ rôp Kees van Bergen. Se fielde dat se in kaam krige en sei dat it goed mei har gie. Hy wie in freon fan Joop en hie hiele bolle eagen. Syn grapkes wiene synysk en it wie har in riedsel hoe't dy jonge sa populêr wêze koe. Se wist net sa goed wat se fierder sizze soe en kearde har wer nei Joop:
‘Ik sil wer mei dy nei de praktykskoalle, hast dat al sjoen?’
‘Ja, Ank! We sille se dêr wol ris wat sjen litte, hen?’
De sinne skynde harren no allegearre yn 't gesicht en guon smookten genietsjend. Anke, ek mei de rêch tsjin de muorre oan, hie de simmerrok wat oplutsen, har brune skonken rjochtút. Se die de eagen ticht. Neist har fielde se it stal fan Joop, betroud, troch al dy