wêrom soe dat no dan net mear jilde? Lykwols, sa'n skoft dyn wiere gesicht net sjen litte is te lang. Hielendal as beide dêrby gedachten ha dy't min of te mear ta de djipste geheimen rekkene wurde kinne. De hope dy't net útsprutsen wurdt, om't dy miskien gjin grûn blykt te hawwen en like hurd ferdwine kin as snie by teiwaar.
Se moat hiel wat fan doel wêze dêr yn 'e âlde stêd. Sa't it liket garret se alle klean dy't se by har kommen by har hie, byinoar en besiket dy yn har twa koffers te tropjen. Dêr boppeop de nijste jurken.
‘Hoe lang binst eins fan doel dêr te bliuwen?’
Se swijt, mar as ik it nochris freegje, anderet se dat net te witten, sûnder fan 'e koffers op te sjen.
‘Witst it net?’
Mear wit ik net te sizzen, mar mear liket se ek net te ferwachtsjen. Of al? Miskien triennen? In smeekbea om net te gean? Dat sil net barre, lykas ik der ek ynienen wis fan bin har net werom te sjen.
Likemin hear ik der fan op dat se fêst wurk krije kin yn Amsterdam en fansels dêr ek wenje moat; dat se har oant no ta in profiteur field hat, libjend fan myn jild, en dat dat wurk har de kâns jaan sil immen te wêzen. Immen? Hoe bedoelst, wol 'k freegje, mar doch it net.
‘Hear ik nochris hoe't it dy giet?’
Se sit stil foaroer op 'e koffer, knikt úteinlik.
Ek dat sil net barre, wit ik, likemin as ik wat fan my hearre litte sil. Net wer.
‘Miskien gean 'k werom... nei Perm. Mar dy wittenskip sil dy wol net in soad útmeitsje.’