nen falle en haw lang wurk om dy werom te finen yn 't gers. Dat ferrekte gers dat al wer fierste lang is! Ik hie gjin tiid hân of wie 't fergetten doe't it der fan 't hjerst noch ien kear ôf moast. De tún bylket dan ek hast wer sa't ik dy eartiids oantroffen hie; slim ferwyldere. Oer net al te lange tiid sil 't wer ta de grûn út brûze en dalik al gjin partij wêze foar de Toro. Mar 't is myn soarch ek net mear. De nije bewenner moat him der mar mei rêde.
Wat ha 'k eins noch yn 'e hûs te sykjen, behalven te sjen wat strak fuort kin, en dat kin it measte.
Yn 'e keamer fiel ik my in frjemd, op besite by mysels. It pronkstik fan G, har ‘Hoop is lijdens troost’, stiet glânzgjend op 'e skoarstienmantel. It liket it iennichste foarwerp dat hjir net heart, de rest is dof en fersliten en kin sa by de dyk.
Mei wat flibe poets ik de diggel nochris op en stek him gau yn 'e bûse. Dy sil 'k bewarje as wie 't goud. No gau hjir wei, nei bûten om te sykheljen.
Wer bûtendoar is 't oft de kjeld him no pas goed op 'e wrâld stoart, wylst de mar him ek al net mear fan 'e loft ûnderskiedt, deselde kleur en like driigjend.
Wat sil 'k? Noch ien kear mei de skou de mar oer? Noch ien kear de boel útdaagje? Jawis! En net mear hoaze, mar dalik fuort, fol gas!
Mar as ik besykje om it ferinnewearre tou fan it pealtsje los te krijen, slagget my dat net om't de fingers net wolle. It liket ferdomd wol oft de froast de guozzen diskear foar is. En oft dat net genôch is, begjint it, earst noch súntsjes, mar dan al gau flink te snijen.
Myn lilkens boazet oan. Dan mar mei ien traap it