De jûn sil wer lang wêze, en it program is ús mar al te bekend: sa lang mooglik ite, dan dûnsje oant de rook fan ús swit, de tabak en har rûkersguod lykas de kachelwaarmens alle hoeken fan 'e keamer yn besit nimt. Oant neat mear stilstiet en earst ta rêst komt as wy dat dogge.
Ik haw myn kado, in wurdboek Russysk, en bin wer dronken, as hie 'k dat juster al net west. Mar no dan fan in net del te bêdzjen langst - nei wat, kin 'k al lang net mear sizze.
It bûnzjen op 'e bûtendoar hear ik net, oant se my by 't skouder hinne en wer skoddet.
‘Der is ien! Der is ien by de doar! Hearst dat dan net?’
‘It sil de akster wêze, of oars de Russen dy't dy werom ha wolle.’
‘Moatst der net hinne?’
Foar it earst sjoch ik werklik skrik yn har eagen, sadat ik beslút om dan dochs mar nei de doar.
As ik dy yn ien kear iepen smyt, slacht de rein my fûl yn 't gesicht, wylst tagelyk in grouwe ein de gong yn saait en dêr mei de wjukken wiidút delploft.
It stikje tou om 'e hals fan 'e jerk seit genôch, lykas de plakjes bloed op 'e búk. Yn 'e doar in giele punêze, as in opljochtsjend stipke.
As ik de doar ta triuw, komt se sûnder wat te sizzen by my stean en stoarret in skoftlang nei de ein, de hannen stiif foar de mûle.
‘'t Is mar in ein,’ sis ik. Wat kin 'k der oars fan sizze.
Hoeden triuw ik har werom nei de keamer en set har yn in stoel del.