21
De dei dat ien fan ús it útsprekke moast, soe komme. Dat wisten we beide mar al te goed. En om hokker reden ek, ik wie earst.
‘Dyn tiid is hast om! Mar dat silst sels ek wol witte. Of hast winlik oare plannen?’
Se knikte.
Ek dat hie 'k ferwachtsje kinnen. Dochs kaam it my noch oer 't mad, as hie 'k yn stilte hope dat de dagen net feroarje soenen, as hie 'k wer as dat jonkje as fansels oannaam dat oan 'e simmer gewoan gjin ein kaam.
Mar se hie plannen en fertelde my dêrmei eins gjin nijs.
Fan har fêste fertaal- en tolkwurk hie se dan wol trije moanne ferlof krige, mar dy tiid is koart asto dy trochbringst yn in lân, dêrst de taal net fan kenst, dêrst in sosjaal libben oantrefst dat him yn dyn eagen ôfspilet yn 'e meast lúkse omstannichheden en dêr't elk him klaait yn materiële wielde.
Yn 'e rin fan 'e tiid wie se hieltyd faker in dei as wat nei Amsterdam ôfreizge, dêr't se lânslju moete hie en dêr't se fan te hearren krige dat der genôch wurk wie foar ien mei har feardichheden.
En no begûn se dan ek ynienen - ik hie net oars ferwachte, hope der eins op - lûdop te betinken hoe't