wierskynlik mear noch himsels, te plezierjen, makke er in ekstra rûntsje oer de mar en fear noch even deun by syn maten lâns, dy't in ein fierderop oan 't wurk wienen. Grappen fleagen oer en wer, en noch net earder hie 'k him sa fleurich meimakke; sa't er mei in lûd ‘jonges, oant jûn!’ it gas iepen draaide, wer rjochting Sleat. In ljochte Odysseus, dy't mar wat grutsk wie op dy sirene foaryn.
Groesjenka hat in soad nocht oan ús autotochtsjes, lykas in dei of wat lyn, doe't ik har meinaam nei de Iselmarkust by Mirns. In dei troch de wike, sadat der net safolle dachjestoeristen omrûnen, boppedat wienen de simmerfakânsjes sa goed as te 'n ein. We swalken by de reiden lâns en leinen in skoft tsjin de skeante fan 'e âlde dyk oan om nei de wetterfûgels te sjen en te genietsjen fan harren lûd, dan wer fier fuort, dan wer deun boppe ús.
Efter ús hold it bosk him opfallend stil, oant in trochkringjend miaukjen dúdlik makke wêrom.
‘Ferdomd, dêr silst him ha!’
Ik stjitte har oan en wiisde foarsichtich.
‘Wa dat?’
‘Dy dêr! Stil sitte!’
Doe seach se him ek, de fûgel dy't mei grutte halen en behindich as in lyts oarlochsfleantúch al sa tichtby wie dat de smelle banen oerdwers de wjokken en it liif goed te sjen wienen.
‘Giele eagen,’ lústere ik, ‘it giel fan 'e macht en de hurde hân.’
‘Wat seist?’
‘O, neat. Neat fan betsjutting. Stil no!’
G har kening sweefde op koarte ôfstân oer ús