it mantelpakje it doel foarby skeat, lykas dat net op koe tsjin 'e eagen. Of wie dat krekt it doel?
Yn elk gefal makke it har begearliker as dat my heugde, doe't ik har ûntduts by de útgong fan 'e tunnel op Skiphol. Sa'n sân jier mear frou, mei grutskens yn 'e wize wêrop't se om har hinne seach.
G hie likegoed ûnder de yndruk west, dêr wie 'k wis fan.
Mar nettsjinsteande ús ôfspraak, gjin G doe't ik klear stie om nei Amsterdam ôf te reizgjen. Gjin G doe't Groesjenka en ik nei foech oardel oere, dy't we hast swijend trochbrochten, om't we beide net wisten wat te sizzen, de reed nei de pleats opdraaiden.
Der wie tefolle om it oer te hawwen; de brieven wêrfan't de measten har net berikt hienen; de ôfrûne jierren dat se troud west hie, mar dêr't se net mear as dat oer kwyt woe. Boppedat wie der tefolle om fan te genietsjen; itselde tsjokke swarte hier, dêr't al in griiseftige glâns oer kaam, mar noch dyselde rook; en dan wer dy eagen, noch like donker. Der wie safolle, dat ik G even folslein fergeat.
Doe't ik wat letter G dochs op it aljemint brocht, wist se noch hiel goed fan it famke, dêr't ik fan skreaun hie dat it myn bêste freondinne wie, eat dêr't se bot wille om hân hie.
‘Sels wie 'k noch even oergeunstich!’ reagearre se laitsjend, ‘en ik bin 't wer in bytsje! Moatst my mar gau dúdlik meitsje dat dat net noadich is!’
Dat die ik, mar net sûnder muoite; net sûnder dy ûnwissens, dêr't sy, sa't it like, alhiel gjin lêst fan hie.