We sitte oan tafel, wylst bûten de rein sa ticht wurdt dat de mar amper mear te sjen is.
Al skoften hat se gjin jurk mear oan. Ien fan 't fjild hie klean oan dy't net yn 'e wei sieten, en dat wienen dus gjin jurken. Ja, stedsminsken, dêr koe se 't har by foarstelle. Ien as Lysbeth, dy't it oan te sjen wie dat se út 'e stêd kaam; de sinneblommen om it liif, wylst wy dy yn 'e tún hienen.
Op har fraach oft se dêr miskien allegear sokke klean oan hienen, hie 'k andere dat de measte froulju yn 'e stêd der yndie prachtich útseagen. Mar it hie gjin effekt. Gysgabjend hie se opmurken dat dat dan wie om't dy gjin plak hienen foar blommen.
‘Moatst Ruby mar ris freegje. Dy sil dy graach helpe ien te meitsjen. En dan kin se dy ek noch wat Ingelsk leare, sa ûnder it naaien troch.’
Se sjocht my oan as twifelet se oan myn oprjochtens.
‘Ja, miskien.’
‘Dat mien ik!’ sis ik, en om't ik har no dochs safier haw, stel ik mei-iens foar om ek wat Russysk te learen.
‘Nee!’
Se slacht hurd op 'e tafel en sjit oerein.
‘Nee! Dat rêd ik net op! Ik haw al it mier oan talen, en as ik dat der ek noch by haw... Boppedat kom ik fan myn libben net yn dat lân! En ik ken dat mins net iens!’
‘Dan dochst it om my. Om't ik it aardich fine soe asto har ferraskest, as myn bêste freondinne.’
Se stiet mei de rêch nei my ta foar 't rút, dêr't de wyn oanhâldend grimmitige oanfallen op docht en