it hiem omstapt, lykas dat jierren lyn myn grutste winsk wie, mar as ik besykje har dúdlik foar de geast te heljen, slagget dat amper.
Hoe wie har stal? Slank miende ik, mar wa sei my dat dat noch sa wie? De tiid feroare minsken, faak gauwer as men it yn 'e gaten hie.
‘En fierder? Se skriuwt dochs wol mear!? Of fynst it net goed dat se komt? Lûkst sa'n gesicht!’
‘Jawis!’
Ik hie wer te lang wachte; it wie perfoarst de bedoeling net dat se myn ûnwissens sjen soe.
‘Jawis wol! En kinst har dan moai sels alles freegje, watst mar witte wolst oer Ruslân.’
‘Mar ik ken amper tsien wurden Ingelsk! Dêr bin 'k net sa'n stjer yn. En spitich dat se no al net delkomt. No moat se dit misse!’
Hieltyd hat se de hannen achter de rêch hân, wat se wol faker docht as se mei oandacht stiet te harkjen. Mar ynienen stekt se in earm foarút en hâldt my in grouwe hazze ûnder de noas. Bloed dript stadich op 'e flier.
‘Hy moat noch even bestjerre, mar oant de simmer ta is wat lang.’
Se gniist en besjocht it dier mei de grutskens fan in bern dat har leafste húsdier op skoalle sjen litte mei.
‘De moaiste hazze fan ús ryk. En mei de groetnis fan ús heit.’
We hingje de hazze yn 'e skuorre en prate mei-iens of dat sy en har âlden noch dizze wike delkomme om dy mei my soldaat te meitsjen. En fansels sil se helpe by it klearmeitsjen. Gau hellet se in spûns oer de flier en is Groesjenka al wer fergetten, sa't it liket.