Se knikt.
It duorret lang ear't ik de fragen dy't hjir op folgje moatte, ree haw, en eat seit my dat dy ek oerstallich wêze sille. En yndie heakket se der gau oan ta dat ik gjin ferantwurdlikens hawwe sil, sels al soe 'k dat wolle.
‘Wêrom seist neat?’
Ik soe 't net witte. Wat kin 'k oars noch as swije?
Miskien is dit dan wêr't se eartiids op doelde as we 't ris oer bern hienen; dat se dy graach ha woe, mar net earder as dat se der klear foar wie. En faker as ien kear hie se mei klam ferkundige dat se dat noch lang net wie.
Blykber wie se dus mear feroare as se justerjûn priis jaan woe.
Der is tefolle om te freegjen, hoewol't der tagelyk neat mear is dat ik werklik hoech te witten.
‘Sis dan wat! Bist it der net mei iens!? Hie 'k dyn tastimming miskien ha moatten!?’
‘Hiest dêr dan om frege?’
‘Nee!’
Se sjit sa hurd oerein dat de kofjepot tsjin 'e grûn slacht. Even stiet se stil, de holle foaroer, as wol se my sizze om der mar op los te slaan. Dan is se fuort, mei in triuw by G lâns dy't roerleas yn 'e doar stiet. Miskien al in skoftke, miskien al dy tiid al.
Sûnder in wurd te sizzen skoot G mei in foet de diggels by elkoar en komt foarsichtich njonken my yn 'e doar. Wylst se my by de earm pakt, linet se justjes tsjin my oan mei it lytse, waarme liif.
Noait earder hat se dat sa dien, of miskien al, mar haw ik dat net sa field.