Suver skrik ik fan myn eigen lûd, dat mear wei hat fan in djippe sucht.
Se sjocht der goed út. Brún oer de hiele lea, teminsten foarsafier dy net bedutsen wurdt troch de tinne simmerjurk, dy't besiedde is mei mânske sinneblommen. Dêrby in folle, reade mûle en fleurige, hast wite krollen, wierskynlik blikke troch wikenlang Súd-Europeeske sinne. En like waarm fielt se oan; de bleate earms en de smelle mul dy't ik dalik werken en sa lang mooglik fêsthâld.
Earst wol se de pleats sjen, fan 'e souder oant 'e molkenkelder, dan it hiem en it lân, dêr't yn 'e fierte G by har broer op 'e trekker meiskoddet. Ik swaai, mar se sjocht it net.
Nei 't se alles sjoen hat, stel ik út om no earst wat te drinken. Mar as ik mei kâld bier wer bûten kom, kin 'k har ynearsten net fine, oant ik har ynienen oantref yn 'e skeante fan 'e marwâl, de sinneblommen njonken har yn 't gers, sysels inkeld ferblinend brún.
Lang lyn hie 'k it my dus sa foarsteld, as se ris delkomme soe by waarm waar en yn dy omstannichheden myn wrâld kennen learde. De fûle wyn, de rein, it dridzige hiem en de iensumens kamen letter fansels wol en soenen der dan automatysk by hearre.
Unwennich lizze we njonken elkoar, pratend oer wat we elkoar destiids skreaun ha en wêr't we net oan takamen yn 'e brieven. Ynearsten frijbliuwend, oant it bier syn wurk docht en we mear oer ússels loslitte as we no al woenen.
Ferplichtings fiele we net mear, sizze we, inkeld