Se wol dalik it wetter yn, mar as se, ûnhandich as altyd, it jurkje oer de holle strûpt, skrik ik wer en kear my gau om, sabeare om wat út 'e tas mei iterij te sykjen.
‘Tocht ik it net!? Hast de swimbroek seker fergetten!’
Ik doar har net oan te sjen en sis mar dat ik bang bin fan al.
‘Gjin man oerboard, hear!’
Us stopwurd de lêste tiid, dêr't sy fan makke hat: gjin frou oerboard, mar dat inkeld brûkt wurde mei as 't har oangiet. No leit se de klam op ‘man’ en ropt dat it dochs te waarm is foar klean.
It soe de earste kear net wêze dat we neaken yn 'e mar omspatten, dêrnei like bleat oeren yn 't gers leinen mei in boek, of gewoan wat pratend oer wêr't we op dat stuit oan tinke moasten; fûgels dy't oerkamen of wolken dy't in soad hienen fan ien dy't we net mochten.
Gau helje ik myn swimbroek foar 't ljocht, mar se sit al neaken op 'e râne, de skonken yn 't wetter.
‘Wêr tinkst oan? Is der wat?’
Se hâldt de fuotten even stil en sjocht my ôfwachtsjend oan.
Groesjenka, soe 'k sizze kinne. Wat oars sjit my sa gau net yn 't sin. En wêrom soe 'k dat ek net gewoan sizze? Nee, ik wit it!
‘Ik siet te betinken dat it hjir sa helder wie, datst de boaiem sjen koest. Ik tocht oan al ús fuotprinten dy't dêr ûnder al stean en dy't dan moai te sjen wienen. It soe lykje as hie 't hjir hiel drok west.’