Mei dat lêste, dat se faker brûkte om te demonstrearjen wa't hjir baas wie, wie de diskusje dan sletten.
Yndie kaam der selden ien foar my de reed del; yn dy trije jier hie 'k ek net faak mei ien ôfpraat. De measte tiid hie 'k wat oan 't timmerjen west op 'e pleats of brieven skreaun oan Groesjenka en oan freonen yn Amsterdam, wêrfan't de measten, alteast it earste jier, trou werom skreauwen.
It libben dêr wie net feroare sûnt ik fuort wie, yn dy sin dat alles noch like hurd feroare; nije boeken ferskynden, kafee's krigen nije ynterieurs en gebouwen gongen del om plak te meitsjen foar nije, lúksere kantoaren. Neat die it dêr kalmer oan. En ik soe gau ris oerkomme om dy feroarings te besjen. Mar de winsk om dat sa gau mooglik te dwaan, hie oant no ta net sterk genôch west.
Dy freonen. De earste jierren op 'e pleats fleach ik geregeld har kant út, oant ik my op in dei realisearre dat it inisjatyf meastentiids fan myn kant kaam.
Fansels, de kearen dat se delkamen, troffen se inkeld my oan, de pleats mei wat hinnen op it hiem, en dan noch de mar en it lân dêr't simmerdeis bisten rûnen. Mar dat eage net oars as om Amsterdam hinne.
Meastentiids wie G der ek, dêr't se it goed mei fine koenen, mar dy't se der leaver net by hienen as it petear oer harsels gie; de manlju oer har freondinnen, de froulju oer har freonen, de steltsjes oer it wrotten om der noch wat fan te meitsjen.
Alle kearen wer siet it G heech as guon har yndie