wâl en smookte oan ien stik troch, wylst de bisten op 'e oare kant nei my stienen te sjen.
De dagen wienen waarm, en om't it gers hieltyd hastiger de grûn út skeat, besleat ik dat it dan no mar barre moast.
Ik slipe de seine as hie 'k noait oars dien en hold dalik wer fan it sjongende lûd dat op buorman syn pleats te hearren wêze moast. In lûd dêr't ik as jonkje al gek fan wie en dat letter alle kearen wer it hege gers en de rook fan kij as út in mist tefoarskyn tovere; wer soarge foar in frjemde, net te kearen opwining.
It meanen sels brocht my dalik wer mei beide fuotten op 'e grûn. It gers hie alderhande rommel en grouwe stiennen knap foar it each ferburgen holden, en withoefaak siet ik mei de punt yn 'e grûn. Fansels, as ik my al wat ferbylde hie, makke dy punt wol dúdlik dat ik it noch lang net yn 'e macht hie, en oars die de rêch dat wol. No al rûn it swit my yn streamen oer de bleate rêch, en no al kaam ik net mear oerein as it mes wer ris fêst siet.
Mar ien ding hold my geande, al moast ik hjirnei in wike plat om by te kommen: as Groesjenka hjir dochs noch ris kaam - en wa sei my dat dat moarn al net wie - soe se yn fris, koart gers fan 'e sinne genietsje kinne. Yn badpak of winlik neaken, en ferliedliker as ik my dat foarstelle koe.
Ik smiet de seine oan 'e kant om even skoft te hâlden, en wilens besykjend wer oerein te kommen, socht ik sûnder erch it plak dat ik har tatocht hie.
Se naam my nijsgjirrich op, mar like har yn 'e fier-