Dochs mar wer besykje, al wie 't allinnich it ûnderskrift fan de foto's. En wylst ik dêr mei de noas op siet, plofte se ynienen njonken my del op it fersketten learen bankje.
Wilens my goemoarn winskjend, wiisde se op it lege kopke foar my op 'e tafel. Fansels! Mar mei't ik oerein skeat, hold se my tsjin en wie al fuort.
We dronken kofje en laken wat ûnwennich. Wat kin men eins noch sizze as alles al dúdlik is; wat soe 'k noch freegje nei wêr't se wenne, oft se in freon of in man hie, dat alles wie no even net fan belang.
Ik makke grapkes, sei dat de man op 'e foarside fan 'e krante op myn heit like en frege oft dat der miskien ek ûnder stie. Se lake it út en line even mei it skouder tsjin my oan, wilens lûdop lêzend dat bekend wurden wie dat Gorbatchov noch wat bern yn it wyld hie, wierskynlik earne yn Nederlân.
Har mûle wie deunby, har hier prike my yn 'e noas en rûkte swier nei eat dat ik net thúsbringe koe.
Op dat stuit kamen de oaren der lûdroftich yn en wie se wer de gastfrou, skille mei it fleanfjild om't der wat mis wie mei tickets, wiisde monuminten oan op 'e plattegrûn dy't har foar de noas holden waard en wie wer moai op 'e wize sa't se dat alle dagen west hie; ûnberikber.
Mei inkeld har adres wie 'k weromflein, want dat hie se my by it ôfskie noch gau yn 'e bûse treaun, doe't se my tute en steviger as de oaren omearme, alteast sa bleau my dat by.