dy't ik ommers wol koe, mar dan fan hiel lang lyn. Om dúdlik te meitsjen dat ik der sels ek noch wie, gong ik lûd sjongend alle keamers troch, it bûthús, de tsjerkehege en folslein lege skuorre, de souder dêr't gjin ljocht wie en dêr't ik, as in bline om my hinne taastend, ynienen werklik allinnich wie. Allinnich mei de rook fan ieuwen stof fan hea, hout en bisten.
As ik troch de flier skeat, waard ik wierskynlik earst nei wiken fûn, as freonen my hjir foar it earst opsykje soenen, en sels dat wie noch mar de fraach. Waard in mummy fûn, útdroege, mar goed konservearre, lykas de oerbliuwsels fan in stik as wat ratten en in kat op 'e bûthússouder.
Ik bleau stean wêr't ik stie, sakke foarsichtich troch de knibbels en siet dêr miskien in healoere, deastil, fjochtsjend tsjin mysels. In kening hearde oer de pleats te hearskjen, net oarsom.
De freonen hienen har hjir de bûsen om útskuord. Dy koenen har al gjin byld foarmje as ik it ris oer in pleats hie. Mar dat koe 'k har, hast sûnder útsûndering hikke en tein yn 'e stêd, net kwea-ôf nimme. En it idee har wizer meitsje te kinnen, hie 'k ek al gau opjûn. Ik lake mar wat mei en wie it eins wol mei har iens dat ik in frjemde taal spriek.
It fêste wurk farwol te sizzen, wie gjin muoite; it skoaljier rûn dochs al te 'n ein. Wat fertaalwurk byinoar te garjen likemin, en ek de freonen dach te sizzen noch net.
Mar dan dy earste nacht op 'e pleats, om my hinne inkeld dat lûd fan wyn en fûgels, dat ik net koe en dochs al, lân dat ik net koe en dochs al. De nacht