ken fan opwining. Ommers, sels soe 'k demonstrearje kinne yn tefredenheid nimmen te wêzen, of troch it libben te gean as immen dy't inkeld neitocht, neat mear en neat minder. Inkeld neitinke, wat om my hinne sjen en dêroer prate mei freonen dy't ik leaf hie, fierder neat.
Ik hold fan 'e stêd. Dy wie gjin reden om fuort. In stêd dy't nei tweintich jier as fansels yn myn ieren floeide - amper wie der in strjitte dêr't ik noait fan heard hie. Dochs wienen de measte minsken dy't ik tsjinkaam my frjemd, en nochris tweintich jier soe dêr ek neat oan feroarje.
Ik wie it yntusken sels, dy stêd; de minsken, de lûden en de roken dy't der altyd wienen, en altyd wer oars, de kleuren alle dagen en nachten troch, de stellerij en dêr wer foaroer de feiligens. Dat alles miende ik al net mear sûnder te kinnen.
Dochs hie 'k faak werom west nei de Súdwesthoeke, om even gjin mins te sjen en my tagelyk te oertsjûgjen oft alles der noch wie; it lân, it wetter, de bisten, de loften.
Dat wie sa, en gerêst hie 'k my wer opnimme litten troch de stêd. In omjouwing dêr't neat ferkeard gean koe; as ik siik wie kamen de freonen del, en foaral de freondinnen; wie ik mankelyk, dan wienen deselde freonen der wer, en it wie goed sa.
Mar dy deis dat ik dat alles oertocht, naam ik ynienen, en eins sûnder te witten wêrom, it beslút om de stêd foargoed te ferlitten. Miskien om te sjen oft de freonen my misse koenen, of hielendal net, sa't freondinnen my dat út en troch yn it ear