‘Dat wit ik gewoan!’
‘No, dan kin dy foto seker ek wol fuort!?’
Dy foto koe wol fuort, al wie dat net it earste dat yn my opkaam. Mar se stie al by de skoarstienmantel en pakte fuort it listke mei it portret fan Groesjenka.
‘Jawis, dy kin wol fuort,’ prate ik har nei, en ear't ik my realisearre wat ik sein hie, smiet se it yn 'e papierkoer njonken har.
‘Ik haw de krante foar dy meinaam.’
Se pakte har tas fan 'e grûn en smiet my de krante nei de holle, sa't wy dat wend wienen. It betsjutte dat it libben wer lykas earder wie.
Blykber siet ik har noch fierste bot te skodzjen, want se helle nije kofje en sette der in glês jenever njonken.
‘Hjir wurdst wol waarm fan, en oars moat’ we mar even dûnsje.’
Sûnder ôf te wachtsjen oft ik dêrmei akkoart gie, helle se in plaat út 'e kast en sette de muzyk sa lûd dat praten gjin sin mear hie. Mar dat wie ek it doel; hjoed wie ommers genôch sein. En dat hie se nochris ûnderstreke troch feilleas de muzyk der út te heljen dy't ik no it leafst hearre soe.
Se smiet de stuollen oan 'e kant en luts my oerein, wêrnei't we as wylden dûnsen op 'e Latyns-Amerikaanske swing fan Dizzy Gillespy, oant ús it swit oer de rêch streamde.
Wer oan 'e tafel laken we it út om elkoars reade kop. En wylst se har trui út luts en harsels mei de krante koelte ta wappere, frege ik my ôf wêrom't ik krekt dat fergetten wie. Hoe't we altyd dûnsen oant we der hast by delfoelen, hoe't we 't oer wit