en sjen wat der barde. Ferlern hie 'k it dochs, fan 'e mar en fan mysels.
Rillegau wie 'k wer yn 'e opfeart, en mei in lêste grimmitigens joech ik op 'e nij fol gas, sadat wetter en iis mei in djippe sucht by de wâl op stoden.
Gau stapte ik op 'e kant en woe de skou de skou litte en fluch yn 'e hûs - fanwegen de kjeld koe 'k de hannen net mear in sekonde stilhâlde, lit stean it wiete tou út 'e tiis helje - doe't eat my tsjinhold.
Op 'e wâl stie G, de hannen djip yn 'e bûse fan 'e jas. Se sei neat, al sprieken har eagen dúdlike taal.
‘Ja, sa moast dat!’ wie 'k har foar. ‘It motorke moast noadich even folút, dat hat al te lang wachtsje moatten.’
Se hold de lippen stiif opinoar en seach inkeld even nei de dûk yn 'e boech, doe wer nei my.
As ik janke woe, moast it no wêze. Se hie dalik de earms om my hinne slein en my stevich tsjin har oan holden.
Even like se har ôf te freegjen wêrom't ik sa fûleindich trille - it wie wol dúdlik dat 'k net yn it wetter lein hie - mar pakte my dan resolút by de earm en luts my mei yn 'e hûs.
Nei't se de dûs op hyt setten hie, kaam se werom yn 'e keamer en sette har del oan 'e tafel by it rút.
Gjin wurd, gjin sucht. Inkeld stoarre se oanhâldend oer de mar, de hannen ûnder 't kin, wylst ik my alfêst ûnhandich útklaaide. As dit as straf bedoeld wie, hie se 't net better betinke kinnen.