mar net te oersjen sa grut.
Mar wat is grut? Lysbeth fûn it te lyts, doe't ik har in foto sjen liet, en se bedoelde dan ek net dy heale hektare. Wêrnei't ik andere hie: ‘It lân der omhinne, oan 'e kime ta, en wat dêr noch efter leit, alles heart derby.’
It wie har net genôch. En om it ris te besjen wie har de muoite net; it soe dochs noait genôch wêze.
‘Taak is 't my hast tefolle,’ leagene ik, op 'e selde toan as wannear't der ien delkaam en krityk hie op it lange gers, dat ik der mar net ôfkrige om't it net ophold te reinen. Dochs wie 'k bliid mei alle besite, liet dy dan grutsk it ryk sjen en woe hjir foar gjin jild mear wei.
Ik krige it waarm en it skeat troch my hinne dat ik net foar de flauwe kul op 'e mar omswalke. Alles moast ommers oan stront, iksels derby. Mar it gas koe net mear iepen as it al stie, en safolle iis kaam ik hjir net mear tsjin.
Om dochs wat te ûndernimmen, joech ik mei al myn krêft in feninige gisel oan it helmhout, wêrnei't in hurde klap in ein makke oan 'e wrâld. Dêr wie 'k teminsten in pear sekonden lang fan oertsjûge doe't ik it lykwicht ferlear, langút foaroer saaide en mei de holle tsjin it board sloech.
Sa hie 'k it net bedoeld, sa knoffelich. Oan 'e oare kant hie 't moai west, te einigjen op it wetter dat ik sa goed koe. Dy ûnbidige mar, dy't de iene kear as in wyld skomjend op it hûs ôfstoarme, gysten as it stedsferkear, mei it donderjende lûd fan 'e bussen