stoarje koe, sûnder gedachten, sûnder mar de minste ferwachting dat der wat barde. Wetter wie wetter foar har, oft dat no de mar wie of de Amstel, en meastal wie dat ferrekte kâld, lykas de wyn.
Goed, de man dy't mei dat lêste kaam, hie 'k nei in wike fan krimmenearjen gau op 'e trein set, en de persoan wie in útsûndering. Mar ek sûnder dat soe it gat dat der yn 'e freonskip fallen wie, foaral troch de ôfstân, net sa maklik mear te tichtsjen wêze. En ik frege my ôf oft ik dat noch wol woe.
Wêrhinne? It makke my net mear út. Ik wist allinnich dit: alles moast fernield wurde, folslein ferneatige. Alle spoaren dy't oan myn ferbliuw tinken dienen, moasten fuortreage wurde, sanoadich ferbaarnd. En úteinlik soe 'k mysels likemin sparje.
Iensumens - wierskynlik hie 'k allinnich mar iensum west - koe inselde ferneatigjende krêft ha as de slimste sykte, wist ik yntusken. En dy nachten dat ik amper sliept hie, dronken of net, dy dagen dat it net ophold te reinen, moasten foargoed út 'e kop.
Dêrfoaroer hoegde ik gjin muoite mear te dwaan de dreamen te ferjeien, de wille dy't ik hân hie op dit plak; dat alles wie 'k al lang fergetten, wie út himsels al ferdwûn, as snie foar de sinne.
Wie it spyt? Ien dy't spyt hat kin werom. Ik woe net werom, inkeld alles ferneatigje, mar dan ek alles.
Yn 'e feart lei noch gâns iis, want op in stuit hie it noch even fûleindich ferzen. Dat iis like sterk, mar der moast hiel wat barre ear't eat of immen my tsjinhâlde koe, en seker gjin diselmotor.