se oanklopje soe kaam Visser, it haad fan 'e ôfdieling, troch de doar. ‘Mefrou Wiersma. Aha, wat sjocht myn each? Gebak?’
‘Foar jim,’ sei se wylst se him de doaze yn 'e hannen treau.
‘Jonges,’ rôp er oer 't skouder, ‘hjirkomme, wy krije wat.’
Twa, trije wite jassen kamen der omhinne te stean.
‘Gebak!’ sei er, glimkjend de doaze omheech hâldend.
‘Foar jim allegear,’ sei Hilda, ‘om't it hjoed myn lêste dei is en om't jim al dy wiken sa aardich foar my west hawwe en om... no ja, om't ik sa ferhipte bliid bin dat ik hjir net wer hinne hoech. En ik wol net janke,’ kaam der achteroan, ‘mar ik kin der neat oan dwaan...’
Visser lei even syn lange earm om har skouder. ‘Sokke triennen sjogge wy graach,’ sei er, ‘leaver as dy oaren.’
Hilda seach nei de gesichten boppe de wite jassen. Gesichten dy't har fertroud wurden wiene, gesichten dy't hearden by wat aakliks en har dochs sympatyk wiene.
‘Strak lekker kofje mei gebak jonges,’ sei ien. ‘Is 't hast kofjetiid?’
‘Kinst wer net wachtsje?’ De oare joech him in freonskiplik triuwke.
‘Wolle jim wat foar my dwaan?’ frege Hilda.
‘Foar jo dogge wy àlles.’
‘Ja, nò wol,’ spotte Visser.
‘Oars ek, no frou Wiersma?’
‘Oars ek.’
‘Wat moatte wy dwaan?’
‘In hiel grut stik fan dy taart ôfsnije en oan myn dokter bringe.’
Se seine it har ta.
‘En no,’ sei Hilda, ‘jou ik jim allegear de hân en ik hoopje jim noait wer te sjen.’
‘No, dat is sympatyk fan jo!’
‘Hjirre net teminsten.’