beoefene: ûnder mear toanielwurk, kabaretteksten, berneboeken, dichtwurk en romans.
Op sjoernalistyk terrein wie se jierren warber foar Frysk en Frij en Friesland Post. Fan 1980 oant 1986 foarme se mei Meintsje Brouwer fan De Pein de redaksje fan de Fryske Bernekrante.
It wurk fan Froukje Annema (yn 1977 foar it earst yn boekfoarm publisearre yn de ferhalebondel ‘Birop: gjin’) foel fan it begjin ôf yn 'e smaak by in grut -benammen froulik - lêzerspublyk. Dat kaam net allinne troch har noflike en libbene manier fan skriuwen en de komyske aksinten dy't se gauris yn har ferhalen oanbrocht.
It geheim fan Froukje Annema har skriuwerskip wie dat se mei har ûnderwerpen hiel ticht by de minsken stie. Wat se ek skreau, it gyng op in tige werkenbere manier oer gewoane minsken en harren dwaan en litten. Yn har earste ferhalen naam se har eigen ûnderfiningen as húsfrou en mem fan in gesin mei jonge bern as útgongspunt. Literêre pretinsjes hie Froukje Annema net: se woe mei har teksten ferdivedaasje bringe, it libben fan aldendei mei in sprankje humor besjen. Soms slagge dat net hielendal: dan wie de klû wolris wat al te forsearre en krige de skriuwster it ferwyt dat se bepaalde persoanen te stereotyp útbylde hie.
Mar nei gelang Froukje Annema mear sukses hie mei har wurk, groeide ek har selsfertrouwen as skriuwster en weage se har oan gruttere projekten. Yn har romans en jûnfoljende toanielstikken gyng it hieltyd faker oer minsken dy't mei serieuze problemen wrakselje dêr't net in maklike oplossing foar fûn wurdt.
‘Twasprong’, har earste roman, wie wat dat oanbelanget in kearpunt. It boek giet oer in jonge frou út de Dongeradielen, Anne, de dochter fan in grutte boer. It ferhaal spilet him yn 'e fyftiger jierren ôf en beslacht in