Nee, grif net. Herman wie liep genôch, dy ferprate him net.
Wer seach se fansiden. Oan it antlit wie neat ôf te lêzen, of it moast wêze dat se de mûle stiif ticht kniep en sa wat grimmitichs krige. Se woe grif ergens hinne, dêr't se prate koene, om har koe dat likegoed yn 'e auto.
Einlings draaide se in strjitte yn en stoppe foar in kafee. Doe earst draaide se har nei Selma om en sei: ‘Hjir mar?’
‘Bêst.’ As in skoalfamke rûn se achter de frou oan. Dy socht in taffeltsje yn in hoeke, fier by de oare besikers wei. ‘Kofje?’ frege se, doe't in betsjinster nei harren ta kaam.
Selma knikte. Skou seach se de frou even oan. Se fielde har lang net noflik ûnder de blik fan de brune eagen. Spot lei dêr yn en minachting. Net earder as doe't de kofje foar harren stie ferbruts de frou de stilte. ‘Froulju sitte ornaris net om wurden ferlegen,’ begûn se, wylst der sels even in glimke om har mûle spile, ‘mar dat jildt net foar alle sitewaasjes. Ik ha bot tsjin dit petear oansjoen, it hieltyd wer útsteld, dat meist wol witte, mar ik mien dat ik der wol rjocht op ha.’
Selma fielde hoe't har hert lûder begûn te slaan, doe't se besocht yn 'e ferdigening te gean: ‘Ik begryp earlik sein net wat jo wolle.’
‘Och kom no Selma. Do begrypst it donderske goed. Nee? Lit my dy dan even helpe. Do bist dwaande mei dingen dy't in fatsoenlik famke, sorry, in fatsoenlike frou, net docht. Do bist dwaande om dingen dy't goed en moai wiene kapot te meitsjen. Moat ik noch dúdliker wêze? Do, Selma, bist dwaande my myn man ôf te pikken!’
‘Nee!’ reagearre Selma fel wylst se rjocht oerein sitten gie. ‘Dat is net wier!’
‘O nee?’ It brún fan 'e eagen like no grien fan lilkens.
‘Do doarst it ek noch te ûntkennen?’
‘Ja! Sa as jo it sizze, sa is it net. Ik pik jo jo man net ôf, hy hat sels...’