‘Fernimst dêr wat fan? Docht it sear of sa?’
‘Nee neat.’
‘En wurdst ek net keal? In frou by ús út 'e buorren hat it ek hân en dy hat moannen mei in holdoekje op rûn, dy wie alhiel keal.’
‘Dan hie dy wat oars, by boarstkanker wurdst net keal.’
‘Ik ken ek ien dy krige in hiele tsjokke earm. Lymfeoedeem hjit dat. By har hiene se de lymfeklieren fuorthelle. By dy ek?’
‘Ja.’
‘En do hast gjin tsjokke earm?’
‘Nee.’
‘Hast dat program lêsten sjoen yn “AVRO's Servicesalon”? Dêr fertelden se dat de helte fan 'e froulju dy't in boarstkankeroperaasje ûndergien ha, lymfe-oedeem krije kin. Se lieten froulju sjen mei ferskuorrend opsette earms, troch opheaping fan lymfefocht. Ik mei altyd wol graach nei sokke programs sjen, stekst der in soad fan op. En dit ynteressearre my ekstra, om't in kunde fan my dêr ek lêst fan hat. Dy rint altyd mei de hân by de seintuur yn, foar steun. En dy kin neat mei dy earm. Dy hat der te lang mei omrûn en no kin der neat mear oan dien wurde. Der is in lanlike wurkgroep dy't har ynset foar de foarljochting op dat mêd. Se wize de lju dy't in boarstoperaasje hân ha der benammen op om in lymfescan meitsje te litten, dan kinne se sjen oft der wat is. Ha se dy dat wol ferteld?’
‘Wol 'k net leauwe.’
‘Soest foar alle wissichheid dochs mar net ris sa'n scan meitsje litte? Dan kinst it miskien tefoaren komme. Meist dyn earm net ekstra belêste, net swier tille en oeren achterelkoar breidzje, seine se yn dat program.’
‘Dat wit ik.’
‘Is it dyn rjochterearm?’
‘Ja, mar ik kin in hiel soad ek wol links.’
‘En do forsearrest neat? Ik ken dy wol in bytsje.’
‘Minke leau my no mar, ik rêd my wol.’