hast net folle oan fansels.’
Oft se dêr wat oan hie! It witten dat der ien wie dy't folslein mei har meilibbe wie in allemachtich fijn gefoel.
De famkes kamen der wer yn. ‘Giet goed, no?’ sei de iene.
Hilda knikte.
‘Dan noch even de oare kant en jo binne wer fan ús ôf.’
En wer gong it beltsje en lei se allinne ûnder it apparaat dat no guodlik bromde.
Itselde famke brocht har werom nei de klaaikeamer. ‘Hat it in reden dat jo jo no minder fiele as oars?’ begûn se foarsichtich.
‘Nee, of eins wol. Ik wurd hieltyd in bytsje wurger en tryster. Ik kin net sliepe, sels mei in slieppil noait langer as trije oeren. En dan lizze jo sa'n hiele lange nacht wekker en binne jo moarns like wurch as jûns.’
‘En as jo no middeis ris lizzen gongen?’
‘Dat ha 'k dien, de earste tiid, mar dan koe 'k ek perfoarst gjin sliepen betinke. En as jo no witte dat ik oars yn alle stannen en op alle plakken daliks yn 'e sliep fal.’
‘Witte jo dat jo in petear hawwe kinne mei de spesjalist hjirre?’
‘Dat ha se my sein, ja.’
‘Mar jo tochten: Ik rêd it sels wol.’
Hilda glimke: ‘Jo ha aardich wat minskekennis.’
‘Dat bringt ús fak mei. Mar, soe sa'n petear dochs net goed foar jo wêze? Dy spesjalisten binne der net allinne foar it lichaamlike. Se begeliede de pasjinten ek geastlik. Der binne guon dy't wol trije kear wyks in petear hawwe. Sil ik it foar jo regelje?’
Hilda wifele.
‘Ik die it mar, as ik jo wie. Foldocht it net dan hâlde jo mei ienkear op.’
‘Toe dan mar.’
‘Goed. Moarn hearre jo dan wol wannear oft dat kin. Is der oars noch wat dat ik foar jo dwaan kin?’
‘Nee hear, wier net. Enne, betanke.’