Se joech in skreau fan skrik doe't er har ynienen beetpakte en boppe-op him luts. ‘Herman! Ik skrik my dea!’
‘Lokkest it sels út. Hast wol in kertier op my omstrutsen.’
‘Goh, wat gemien, do slieptest net!’
‘Hoe kin ik sliepe mei sa'n frou njonken my. Moarn Selma.’
‘Moarn, myn skat.’
‘Krij ik gjin moarnstút?’
‘'t Sil wol net oars kinne.’
‘Lytse flarde!’ Hy lei beide hannen om har holle, harren mûlen fûnen elkoar. Syn hannen glieden oer har rêch, nei Ûnderen ta, begearich. Se fielde hoe't de langst wer yn har omheech wâle. Hy drukte har Ûnderlichem stiif tsjin him oan. Se fielde syn lichem reagearjen.
‘No net,’ lústere se noch. ‘Jûn, fannacht... no moatte wy der ôf, ik wol Stockholm besjen...’
‘Do sjochst neat fan Stockholm... do komst net fierder as dit bêd... ik lit dy net gean, de hiele dei net... en moarn net... en oaremoarn net... do bliuwst by my, foar altyd... o Selma...’
‘Kom,’ hime se, ‘kom by my...’