stoef antlit, seach hoe't syn kaakspieren heftich ferweegden, begrutsjen wâle yn har omheech. Dyn skuld, sei in stimke yn har. Sjoch no mar datst it wer goed krijst. Wanhopich socht se om de goede wurden, sei doe: ‘Wurdst net kâld sa?’ Stommer begjin koe se ek al net fine, wol?
Hy skokskoudere, sei neat.
Se die in stapke nei him ta, rekke hoeden syn mouwe oan, luts de hân doe werom. Se koè it net!
Wer seach se nei him op. Hy moast har eagen wol fiele, mar reagearre net. Hy stoarre nei in fêst punt op 'e hoarizon.
Nochris gong har hân yn 'e rjochting fan syn earm, mar healwei luts se him wer werom. Se die in pear stappen tebek, draaide har doe om en rûn by him wei. Sa koe se it net. De muorre dy't er om him hinne oplutsen hie wie net trochhinne te kommen. Se soe skrieme wolle, mar dat koe se al lang net mear. It fertriet siet sa djip yn har, dat emoasjes net mear losmakke waarden en triennen ferdroege wiene.
Healwei de greide bleau se stean en seach noch ienkear om. Hy siet noch krekt-en-gelyk. Wêrom diene se elkoar sa sear? Se slokte en even fielde it oft der triennen komme soene. It bettere wer oer. Se bleau nei him stean te sjen. As er no mar in bytsje help bea. Krekt doe't se wer fierder soe draaide er him nei har om. ‘Freark!’ Fier klonk har stim oer it fjild. Sa fluch se koe rûn se wer op him ta. Hy seach har oan, hold har blik fêst oant se flak foar him stie. Se fielde dat se him no berikke koe, socht wanhopich om wurden, mar se kamen net. Wiene it syn eagen dy't se tsjinholden? Dy eagen dêr't sa'n ferwyt yn te lêzen stie. Wie it skamte om wat se dien hie? Nee, slimmer noch, se doarst net, it wie gewoan leffens! Under syn strange blik fielde se har lyts wurden, se sloech de eagen del. Ynienen swaaide er de skonken nei de foarkant fan 'e hikke en stuts syn hannen nei har út. Doe luts er har njonken him