Hie der ea ien byld west dat se sa skerp foar har krije koe as syn antlit? De stream krekt oankommen reizgers loste op yn it gewoel fan 'e oankomsthal. Even bleau Selma stean, de meast rjochtse útgong, dat wie dy kant út. It hert kloppe har yn 'e kiel, har eagen flitsten hinne en wer. Se koe noch net sjen oft er dêr stie. In tel oerfoel har in panykgefoel. Wêr wie se oan begûn? Hy wie der grif net, der wie wat tusken kommen, hy wie siik, of hy liet har stikke. Dan wie se moai klear, poer-allinne yn in frjemde stêd...
Doe rjochte se de rêch. Kom no. Us Selma is net gau benaud, seine se dat thús net altyd doe't se lyts wie?
Doe't se om in grutte man dy't muoisum in folle bagaazjekarre foar him út treau, hinne stapte seach se him. In waarm gefoel skeat troch har hinne: dêr stie er. ‘Herman!’
Twa âlde dametsjes seagen spytgnyskjend fansiden. Wat die dat bern sa oerstjoer te razen. Selma fernaam it net. Se sigesage tusken de minsken troch, krige in stomp dy't se net iens fernaam en doe seach er har. ‘Herman!’
‘Selma!’ Op itselde stuit wiene syn earms om har hinne, sa stiif as soene se har noait wer los litte. ‘Dach famke, dach skat,’ hy tute har oer it hiele antlit. ‘Wat in ivichheid ha dizze wiken duorre. Selma, sis ris wat, hoe is 't mei dy, alles goed gien?’
Selma seach laitsjend nei him op. ‘Ast my no earst ris loslietste, do smoarst my hast. Alles is bêst gien, ja. It thúsfront tinkt dat ik yn Amsterdam sit. Goh Herman, ik kin it noch net leauwe. Dat ik hjir no echt bin...’
‘Kom,’ sei er wylst er de bagaazje fan har oernaam en in earm om har hinne sloech. Bûten wonk er in taksy.
Ienkear yn 'e stêd seach Selma fan Herman nei bûten en dan wer werom. Net te leauwen! Hjir siet se mei Herman stiif tsjin har oan, bûten lei de prachtige stêd mei safolle wetter tusken drokke stedswiken mei hege gebouwen. Sylboaten en grutte skippen, samar midden