op 'e bank wylst se de duster der omhinne tearde. Hie se de ferwaarming al oanset? Grif wol, mar se wie ommers sa faak kâld.
Se hearde stappen fan boppen kommen en seach automatysk op 'e klok. Healwei alven. De jonges koene it noch net wêze. Dy woene útsliepe en Selma siet yn Amsterdam by Mieke Kuipers. Dan wie it Freark dus, dy hie it ek mar lang útholden.
Se gappe doe't er troch de doar kaam. Dat er wachte oant se útgappe wie, ear't er wat sarkastysk ‘moarn’, sei, ûntgie har. Se grommele wat werom.
Hy kaam stadich op har ta, de klean al oan, it hier noch wiet fan 'e dûs. Se rûkte syn after shave wylst er him foaroer bûgde en har in tút joech. ‘Moarn wyfke,’ sei er no wat freonliker. Doe seach er om him hinne, nei in keamer dêr't noch neat oan dien wie. ‘Hast de kofje noch net klear? En wat is 't hjir kâld.’
Se antwurde net, luts de duster noch wat stiver om har hinne. Hy rûn nei de termostaat, sette him heger en rûn doe troch nei de keuken, dêr't se him mei it kofjesetapparaat omheisterjen hearde.
Gean der no hinne, sei se tsjin harsels. Toe no, hy hat in hekel oan soks en hy wit amper hoe't it moat. Se die neat.
Se hearde dat der wat op it oanrjocht foel, dat er ynholden flokte, noch die se neat. Wie it útdaagjen, of woe se allinne mar dwers? Se woe net útdaagje, of dwers, se woe neat, dat wie it, hielendal neat.
It duorre nochal wat ear't er, de kofjepot ûnhandich yn 'e iene en twa bekers yn 'e oare hân, de keamer wer yn kaam. Hy sette de saak swijend op it taffeltsje del.
‘Dat binne bekers,’ sei se.
‘No en? Dêr kin kofje yn, net?’ Hy geat se oan 'e râne ta fol. Doe gong er foar har oer sitten en naam har swijend op. Dat fernaam se wol. Se fielde hoe't syn eagen oer har duster gongen, it antlit, it hier, mar it die har