har yn it petear. ‘Ik sei krekt tsjin Hilda dat se goed om iten en drinken tinke moast. Se is sa meager as in roek, gjin gesicht.’
‘Falt wat ta hear. Frou Meinsma, in kopke kofje? En muoike ek noch wol ien, tink?’
‘Hoe faak moatte jo te bestrieljen?’ frege frou Meinsma.
‘Fiifentritich kear. Ik ha no fjouwer kear hân, dat it begjin is der.’
‘As der mar gjin chemo-kueren achteroan komme,’ sei muoike Gryt. ‘Ik ha it allegear fan hiel tichtby meimakke,’ lei se frou Meinsma út. Hilda wist wat der no komme soe en besocht net te harkjen. ‘In goede freondinne fan my hat it ek hân, mar dy wie sa benaud foar dokter dat se der earst skoften mei omrûn hat. En doe't se har op 't lêst al safier krigen, doe siet it al troch it hiele lichem. Se hat noch wol chemo-kueren en sa hân, mar it helle neat mear út.’
Hilda kniep de hannen ta fûsten. Die se it derom of wie se sa stom? Mem en muoike Gryt wiene eartiids al fjoer en wetter, se koe it har no begripe.
‘Ferskriklik,’ reagearre frou Meinsma. Doe, mei in blik op Hilda, ‘mar frou Wiersma wie der moai op 'e tiid by. Trouwens, der is gjin gefal gelyk. Ik kin sa fiif froulju opneame dy't it ek hân hawwe en dy't stokâld wurden binne.’
‘Der binne ek oaren,’ muoike joech it noch net op.
‘Tink mar ris om 'e kranten. Hast alle dagen stiet der ommers wol ien yn: “Na een moedige strijd...” En faak jonge minsken.’
Krampachtich besocht Hilda oan wat oars te tinken. Lasanje, se soe jûn lasanje meitsje. Wat moast dêr allegear yn? Gehak, paprika's, sipels..., hie se dat wol yn 'e hûs?
‘Wat is it hjir in blommesee,’ sei frou Meinsma wylst se om har hinne seach. ‘Sa te sjen ferjitte se jo net.’
‘Nee,’ antwurde Hilda. ‘Ik wurd knap bedoarn. Safolle