dy sels noch wol jild tajaan, as ik dy mar even by my hawwe kin. Tink dy ris yn Selma, fjouwer hiele dagen tegearre. En nachten net te ferjitten..., no ja, fierder kin ik it dy net foarlêze. Mar, wat seist derfan? Is 't net machtich? Ik dòch it Renny! Ik gean derhinne. Hoe't ik it allegear ha moat wit ik noch net, mar ik gean!’ Mei skitterjende eagen seach se Renny oan.
‘Soest gek wêze ast it net diest. Goh, wêrom ha ik no noait ris soks. De knakkers dêr't ik mei gean binne allegear fan dy deeglike types en mei Frâns kom ik ek noait fierder as Ljouwert.’
Selma harke al net mear. Har eagen fleagen fierder de rigels by del. Mei gleone wangen en in bliid gefoel fan binnen dronk se syn wurden yn. Doe lei se de brief mei in sucht del en draaide har om nei Renny. ‘Fyftjin novimber, dat is nije wike freed al. God Renny, hoe rêd ik dat sa gau? En wat sis ik thús? Help my ris.’
‘Kalm,’ sei Renny. ‘Wy moatte logysk neitinke. Om te begjinnen: kinsto frij krije?’
‘Ik ha noch fjouwer snipperdagen, dat rêd ik wol, tink. Ik sil it moarn daliks freegje. Mar dan thús? Wat sis ik dêr? En hoe kom ik op Schiphol?’
‘Kinst foar dyn wurk ek in pear dagen fuort moatte?’
‘Kom no! Hasto wolris heard fan in resepsjoniste dy't foar de baas nei it bûtenlân ta moat?’
‘Nee dus. Wêr sille wy dy dan hinne gean litte? Eh... der is in muoike deasiik en dêr moatsto in pear dagen hinne te helpen.’
‘Myn muoikes binne hartstikke sûn, net kapot te krijen, trouwens, hoe woest dat ha? Dy kenne ús mem en dy dochs?’
‘Kin dus ek net. Do... eh... do komst in lang wykein by my.’
‘Doch net sa stom. Wy wenje flak by elkoar.’
‘Betink dan sels wat betters. Hast ek kunde omfierren?’ Selma tocht nei. ‘Nee, of ja dochs! Renny, ik wit it: Mieke!’