wiest en fan alles by de ein hiest. Dêrtroch sjochst de dingen op 't heden negatyf en kinst it net oan. Al hast dan nergens nocht oan en wol it net, do besikest it oars al, sa lês ik út dyn brief. Alhiel doelleas is it dus net, mar do sitst yn 'e bedelte en dêr moatst wer út. Soest der op 't heden wat fan útgean moatte: Wat nukt my Piere Lys. Wa't Piere Lys wie, wit ik net, dat is it sechje. Ik begryp wol hoest dy fielst Hilda. De oare kant, dyn kontakten mei de bûtenwrâld, dyn wurk yn 'e winkel, dat bist no in skoftke kwyt. Mar dat komt allegear wer. Skriuw my mar sa faak ast dêr ferlet fan hast. Miskien dat it dy wat opluchtet...’
Line. Der luts even in glim om Hilda's mûle, wylst se de brief opburch yn har burootsje. Line hie se mear oan as alle profesjonele begelieding dy't se krije koe meielkoar. Jûn soe se har weromskriuwe. Koe se daliks fertelle fan it bestrielingssintrum.
Foar de safolste kear seach se op 'e klok. Freark moast no hast wol komme, oars kamen se te let. In pear dagen lyn wie it berjocht kommen dat se fan 'e middei om twa oere yn it RIF yn Ljouwert komme moast. Dy letters stiene foar Radiotherapeutisch Instituut Friesland. It wie safier.
Noch kreas op 'e tiid sieten se tegearre yn 'e wachtkeamer. De sfear dy't dêr hong wie in sikehûssfear dy't Hilda op slach senuwachtich makke. Se siet steil rjochtop, kniep de hannen om 'e leunings fan 'e stoel. Freark besocht har ôf te lieden, wiisde op in akwarium, dêr't kleurige fisken har doelleaze rûntsjes draaiden. Se fong in glim op fan in rek skean achter harren. Dêr leine heapen folders op fan alle mooglike foarmen fan kanker. ‘Net omsjen,’ lústere se tsjin Freark, mar hy hie se al sjoen. In assistinte helle harren op, foar it ûndersyk troch en petear mei in radioterapeutonkolooch. Sa gau't se de sprekkeamer ynstapten klapte Hilda ticht. Freark fierde it wurd foar har. Se harke nei wat de spesjalist sei,