‘Kin ik jo oars noch ergens mei helpe?’
‘Nee, dat wie it,’ sei er en sette gelokkich ôf. Foar't er de lift yn stapte seach er noch even om, mei in gesicht fan: ‘Wachtsje mar, ik kom der wol achter.’ Doe't de liftdoarren tichtskoden stuts ik myn tonge út, mar dat hat er net mear sjoen. Rineke wol. Se lei krekt de telefoan del en seach my oan mei eagen op stokjes.
‘Wat skeelt dy?’
‘Och dy fint,’ jeuzele ik mar gau, ‘dy mei ik net.’
Rineke wit it noch noait fan dy en my en dat meist in wûnder neame, want dy is ferhipte skerp. Soms tink ik deroer har yn betrouwen te nimmen, dan ha 'k deis teminsten ien dêr't ik mei prate kin, oer dy, oer hoe't ik dy mis en sa. Mar ik doar it net om't ik bang bin dat Rineke har net stilhâlde kin. No kin ik allinne mar mei Renny oer dy prate en dy sjoch ik inkeld yn 'e wykeinen. Wêrom moatst nò ek krekt safier fuort! En sa lang. O, ik woe wol nei dy ta fleane!
Ik ha thús noch in hiel spektakel hân. Dy lêste jûn dat ik by dy wie hie ik thús ommers sein dat ik nei Renny wie. Mem lei doe noch yn it sikehûs. Us heit hie lein te wachtsjen oant ik thúskaam, moai let sa asto witst. Hy sei dêr neat oer tsjin my, mar wol tsjin ús mem, die letter bliken. Doe't ik dêrnei by mem yn it sikehûs kaam fiske se, al hie 'k dat earst net yn 'e gaten, oft ik noch wol tiid hie om Renny en sa te moetsjen. Ik trape deryn en sei dat ik krekt in jûn by Renny west hie. Doe frege se oft dat dan dy woansdeitejûn wie, doe't ik sa let thúskaam. Ik koe dat net ûntkenne en doe sei se, nei't se frege hie hoe let as ik dêr dan wie, dat dat wol apart wie, omdat Renny en har mem dysèlde tiid by har op besite wiene! Herman, ik bestoar it hast. Ik siet dêr mei in kop as in boei en wist net wat ik sizze moast. Dat hoegde ek net, want op itselde stuit waard der omroppen dat de besite ôfskie nimme moast. Sa bin ik doe by har weirekke. Ik fielde my goed rot, dat sil 'k dy wol fertelle. Thús fernaam ik dat mem it oan heit ferteld hie.