De sjirurch glimke. ‘Jo wolle garânsjes. Ik kin net sizze hoe grut dy kâns is. Miskien krije jo it noait wer, miskien oer in healjier of oer tsien jier. Dat is net te sizzen. En dêr moatte jo ek net oer ynsitte.’ Hy seach har glimkjend oan. ‘Wat tinke jo no: Dy man hat maklik praten?’
‘As ik earlik bin, ja.’
‘Dat is hiel begryplik. De eangst is no noch grut, mar leau my frou Wiersma, it slyt, al sille jo him noait wer alhiel kwyt reitsje. Mar kom, lit ús no mar ris even nei de wûnen sjen. Ha jo dêr lêst fan hân?’
‘In bytsje. En ûnder 'e earm sit in tsjokke bult.’
‘Dat sil wol focht wêze, lit mar ris sjen.’
In suster kaam om de hechtings los te knippen en ûnder de earm waard focht weisûge. It fielde dêrnei suver noflik. Hilda seach, wylst se mei har dwaande wiene, nei it plafond, itselde as op 'e keamer dêr't sy lein hie. De sfear hjirre wie ek gelyk. Sa't se hjir no lei, wie it krekt oft se noait út it sikehûs wei west hie. Se seach nei de hoeke fan it plafond. Dêr, yn dy hoeke siet er by foarkar, it meunster dat har sa'n eangst oanjage. Thús hie se him noch ienkear sjoen, mar dat wie yn in dream.
‘Hiene jo noch fragen, frou Wiersma?’ frege de sjirurch wylst er de hannen wosk.
‘Hawwe jo in idee hoelang it noch duorret ear't ik komme kin foar de bestrieling?’
‘Wy hawwe jo doe al trochjûn, ik rekkenje noch in dei of tsien. Dan binne de wûnen goed ticht. Mear fragen?’
‘As ik thús bin. No wit ik gjinien mear.’
‘Jo kinne my altyd belje. Dach frou Wiersma, it alderbêste.’
Hilda suchte, wylst se oan it petear weromtocht. Hoefolle fan de sjirurch syn wurden hie se leaud? Se kaam oerein op 'e bank, út 'e keuken kaam de rook fan farske kofje. Krekt doe't Mintsje dêrmei de keamer yn kaam gong de telefoan wer. Foar de fjirde kear fan 'e moarn.