‘Wy... eh, wy binne no even tegearre. Ik hie it hieltyd al sizze wollen; it spyt my dat ik jim foarleagene ha.’
‘My ek. Ik nim oan datst dy jûn by Renny bedoelst?’
‘Ja. Dêr wie ik dus net. Ik wie eh...’
‘By him.’
‘Ja.’ Selma siet no mei de holle foardel. Har fingers fimelen oan it dekbêd om. It lange hier hong as in ljocht gerdyn foar har eagen. 't Wie oft se har dêr achter ferskûle. Hilda sei neat, wachte ôf wat der fierder komme soe.
‘Mar, dat wie foar it lêst. Herman sit no yn it bûtenlân. Hy... eh hy woe ôfskie nimme dy jûn. Hy is foar de saak op reis nei Skandinavië. Earst nei Noarwegen, dan nei Sweden, ynkeapje, nei beurzen en fabriken, hjir en dêr in kongres.’
‘Krekt. Jim hawwe dus ôfskie nommen. Foargoed?’
‘Ja.’
Hilda besocht net blike te litten hoe bliid as se wie. ‘Bist dêr wis fan?’
It hier wyndere op en del.
‘En hy ek?’
‘Hy ek. It kin ommers neat wurde mei ús. Hy is troud.’
‘Bliid datst dat no sels ek ynsjochst.’
‘Ik... eh, ik woe jim net bedonderje, mar...’
‘Elk makket fouten Selma.’
‘Wie mem lilk?’
‘Lilk is it wurd net, heit en ik wiene slim teloarsteld. Wy binne fan ús bern net wend dat se ús foarleagenje.’
De holle bûgde djipper foardel. ‘It wie mysels ek yn 'e wei, mar...’
‘Wy prate der net mear oer. Hast no sels wol ynsjoen dat dit net koe. It is sa it bêste, Selma. No wol ik dy net fuortprate, mar sa te sjen is it no heech tiid.’
‘O, shit ja. No, oant jûn hear. Rêdt mem it sa echt wol?’
‘Gean no mar, ik pas wol op mysels. Dach fanke.’
In doar, geroffel op 'e trep, de achterdoar dy't tichtsloech, doe wie se allinne. In skoftke bleau se yn prak-