Der stie in dokter foar har bêd, mei in griene jas en mûtse en in lapke foar de mûle. Hy hie in mes yn 'e hân, in lang skerp mes, dat fonkele yn it ljocht fan grutte tlbuizen oan it plafond. Hy seach har oan. Moaie eagen hie dy man, grutte, mei lange eachteisters. Achter him stie in suster, mei hierren op it kin en grutte breawâders oan 'e fuotten. Se hold in spuitsje omheech nei it ljocht wylst se dêr in ampul yn leech sûge. De griene man kaam no tichterby en sei, wylst er har even by de earm pakte: ‘Jou jo mar rêstich del, mefrou, alles is klear. Wy ha de kremaasje foar jo regele.’
De suster kaam mei de spuit tichterby, se skode de mouwe fan Hilda's jak op. Hilda woe har slaan, se besocht de earm op te tillen, mar dy siet mei grouwe slangen fêst oan it kjessen. ‘Lis dan ek ris stil,’ fûtere de suster. ‘Tinke jo dat wy oars neat te dwaan ha?’
‘Kremearje is better as begrave,’ sei de griene man. ‘Op it tsjerkhôf is it kâld en it waait dêr altyd. De lju moatte ek in slach it hôf om en dêr ha se in hekel oan. Yn it krematoarium is it waarm. Dêr krije se kofje en koeke. Untspan no mar, alles is regele. Jo krije in prikje en dan witte jo fan neat mear. Begjin mar te tellen, fierder as tsien komme jo grif net...’
De suster glimke as in falske tekkel wylst se tergjend stadich de nulle tichterby de earm op it kjessen brocht. Hilda besocht har no mei de oare earm in reis te jaan, mar dêr siet in ynfús oan. Se skuorde en wraksele om har earm los te krijen. De dokter griep him mei twa hannen beet en sei: ‘Even ûntspanne. Toe mar suster, ik hâld har wol yn betwang.’
Se koe no gjin kant mear út. De suster tilde de spuit heech op en sloech doe de nulle yn har earm...
Se raasde: ‘Nee...! Mem...! Freark!’
Dêr wie Freark. Hy lei heal oer har hinne. ‘Lit my los!’ hime se wrakseljend. ‘Ik wol net...nee! Lit my los!’
Ynienen wie it ljocht en seach se Feark syn antlit flak