Hilda skrille op doe't se stappen op 'e gong hearde. Wie Freark dêr al? Dat koe noch net.
It wie de fysioterapeute dy't noch even delkaam. Se glimke freonlik. ‘Zo zo, mevrouw gaat naar huis, hè? Zult u de oefeningen niet vergeten? Iedere dag tien keer en als u 't niet meer weet, ze staan in het blauwe boekje. Trouwens, ik zeg altijd tegen de dames die een borstoperatie hebben gehad, als ze naar huis gaan: Denk er om, blijf bewegen. Maar, tegen u zeg ik: Denk er om, niet teveel bewegen! U bent van nature al zo'n beweeglijk persoon.’ Even lake se. Doe stuts se Hilda de hân ta. ‘Dag mevrouw Wiersma, het ga u goed.’
Hilda betanke har foar de goede soargen. Noch even seach se har achternei. Aardige frou, altyd like blier.
Se gong foar it rút stean, as moast se ôfskie nimme fan it útsjoch. Alve dagen hie se inkeld dat stikje fan 'e wrâld sjen kinnen. No soe se aanst dy wrâld wer yn stappe en nei hûs ta gean, nei it stikje wrâld dêr't se thúshearde. Wat der fierder barre soe hong foar in part ôf fan de útslach fan it lymfeklierûndersyk, dy't noch altyd net binnen wie. De sjirurch soe har belje, sa gau't er it wist. Fan 'e moarn hie se him al dachsein. ‘Wy sjogge elkoar noch wol werom, mefrou,’ sei er. ‘Oer trije dagen komme jo hjir wer, dan moat de oare helte fan de hechtings der út. Salang moatte jo thús ek mei jo earm op in kjessen lizze. En dan fierder bliuwe jo tsien jier ûnder kontrôle. Earst om 'e trije moannen, nei twa jier om it healjier en dan ienkear jiers. As der tuskentiids wat is, as jo fragen ha, of ergens mei sitte, dan daliks belje. Wy hawwe jo trochjûn oan it Radiologysk Ynstitút. Oer in pear wike, as de wûnen hiele binne en der plak is, krije jo wol in oprop. Dat ynstitút, it RIF, is hjir flak by. Wat der krekt bart fertelle se jo dêr wol, mar meitsje jo der mar op klear dat jo dêr fiifentritich kear hinne moatte.’
‘En dan?’ hie se frege. ‘Bin ik der dan of?’
Hy glimke. ‘Jo wolle garânsjes, mefrou, dy kinne wy jo