te praten oer hoe faak oft ik help ha moat en sa.’
‘Hat mem noch bot lêst?’
‘Falt ta hear. Ik kin allinne net sliepe, mar dêr wenst ek wol oan.’
‘En as mem thús is, wat dan?’
‘Dan moat ik te bestrieljen, mar dan moatte earst de wûnen goed ticht wêze en dat kin leau 'k wol in pear wike duorje. It hinget ek mei fan it lymfeklierûndersyk ôf.’
‘Sjocht mem der bot tsjinoan?’
‘Nee, of miskien wol wat, ik wit eins net wat ik my dêr by foarstelle moat.’
‘Mem?’ Ferlegen seach Selma nei har op.
‘Hm?’
‘Dat mem net sliepe kin, komt dat om't mem... bang is?’
‘Nee, ik bin net bang. Sliepstoarnissen skine yn ditsoarte gefallen in normale reaksje te wêzen.’ Wêrom it bern ûnnedich yn ûntstjoer te bringen? Dy hie har eigen soargen wol.
‘Mem hoecht ommers ek net bang te wêzen, it komt allegear wol goed. In hiel soad minsken... ik bedoel... mei bestrieljen en sa kinne se it wol de baas...’
Och, dy siel, se die sa har bêst. ‘Wis komt it wol goed. Mar, genôch oer sykten en kwalen, fertel ris, hoe giet it op 't wurk?’
‘Goed. Wy ha it op 't heden net sa drok.’
‘Mar thús bist fansels noch oeren dwaande.’
‘No, en?’
‘Hast noch wol tiid om dyn freondinnen te treffen?’
‘Eh, jawol. Ik ha fan 'e wike in jûn nei Renny ta west.’
‘Wie dat dy jûn datst sa let thús kaamste?’
Selma kniep de eagen heal ticht, like ynienen op har iepenst. ‘Hoe... wit mem dat?’
‘Dat sei heit. Hy doarst him net del te jaan foardatsto thús wiest.’
‘It... eh wie wat let wurden, ja. Wy hiene elkoar sa'n skoft net sjoen.’