begripe. It wie dochs de normale gong fan saken dat jo âld waarden. Wêrom soene jo dêr bang foar wêze? In pear dagen yn in sikehûs en jo wisten it antwurd. As jo dêr telâne kamen betsjutte âld: ôfhinklik wêze, oerlevere oan 'e graasje fan oaren, mei jin omtôgje litte en tsjin better witten yn hoopje op in minskweardich ein. Se draaide har heal om. Oan 'e oare kant it rút stie driigjend de hjerst. Tryst en wiet lei de wrâld derby. Swiere wolken jagen lâns in fealgrize himel, beammen lieten de kop mismoedich hingje boppe fytsers dy't stadich yn 'e wyn opskoden. Hjir en dêr dwarrelen brún-giele blêden, foelen del, wynderen wer op.
Hege flats joegen beskutting oan de huzen mei glimmende dakpannen. Se socht de rjochting fan harren hûs. Dêr ergens moast it stean, tichtby mar no ûnberikber. Wie it noch mar fiif dagen lyn dat sy dêr noch omheistere, sûn, it libben dat goed foar har wie amper achtslaand en it lok as fansels akseptearjend? Even lei se it wang tsjin it koele glês en sluet de eagen. Wat der ek barde, it libben soe noait wer wurde sa as foar dy tiid. Stiif kniep se de eagen ticht om de triennen yn te hâlden, it slagge net.
‘Ah, dêr sit se!’
De wurden kamen as fan hiel fier. Hilda skrille op, doe't se har berikten. Foar har stie de suster dy't har de gong op stjoerd hie. ‘Ik tink ik mei wol ris sjen wêr't frou Wiersma bliuwt.’
Hilda die temûk in feech mei de mouwe oer de eagen en besocht te glimkjen. ‘Tochten jo dat ik útnaaid wie?’
Even gong de suster neist har sitten, har freonlike eagen wiene no hiel tichtby. Se lei in hân op Hilda's earm. ‘Jo hoege jo net foar jo triennen te skamjen, hear. Jo moatte ynienen in soad ferwurkje en dat giet net samar. Wy hawwe hjir yn it sikehûs de mooglikheid foar begelieding fan boarstkankerpasjinten. As jo der ferlet fan hawwe om der mei immen oer te praten komt der in frou dy't presys itselde ûndergien hat, by jo. Dat