‘Ast sa wolste kin ik better daliks fuortgean.’
‘Dat wolst dochs ek it leafste?’ Hy line ûntspand achteroer, wis fan himsels, wis fan 'e sitewaasje. Sa't er har no oanseach, de holle wat skean, wie er ûnwjersteanber. Se sloech de eagen del, fimele oan har rok.
‘Ja,’ sei se. ‘Ik wol hjirwei. Ik bin allinne meigien om dy te sizzen... dat ik...’
‘... datsto wat?’
‘Dat ik dy net wer sjen wol.’
‘Dat mienst net.’
‘Dat mien ik wol.’
‘O nee, dat seist allinne omdatst dat sizze moatst, mar yn dyn hert...’
‘Net wier! Ik wol it net langer..., it kin net, do bist troud! En do fynst it aardich om in aventoerke te hawwen mei in simpel famke fan kantoar, dy't folle jonger is, dêrst yndruk op meitsje kinst... mar do bedonderst dyn frou en dêr wol ik net oan meiwurkje. Ik hie it dy earder sizze moatten, wier Herman, it moat út wêze. Ik... it is better dat wy elkoar net wer sjogge.’ Sa, it wie der út.
‘Kom hjir ris,’ sei er.
‘Harkest net iens!’ Har eagen spatten fjoer. ‘Ik mien it!’
Herman glimke en kloppe op 'e sitting fan 'e bank.
‘Even. Foardatst fuort gieste. Nee? Dan kom ik by dy.’
Hy rûn op har ta en gong op 'e leuning fan har stoel sitten. Wylst er in earm om har hinne lei twong er har nei him op te sjen.
‘Sjoch my ris oan, Selma, sa ja en sis it no noch ris.’
Dy eagen, se koe it net, mar it moast. ‘Ik gean fuort,’ begûn se, ‘it is better dat wy...’
‘Hast gelyk,’ sei er sêft, wylst er beide hannen om har antlit lei.
Se hold de siken yn, fielde hoe't er tichterby kaam. Noch wie der in wjerstân yn har. It mocht net, it koe ommers net.
‘Gean mar,’ lústere er, ‘toe mar, gean mar, Selma. Ik sil